Kroegen net earder ticht

Jongerein komme hjoedtedei fierstente te let thús út de disko
Opsterlân giet net yn op it fersyk fan de froulju fan Vroegopstap.nl om kroegen en disko's earder te sluten. De twa memmen út Sigerswâld hawwe dat fersyk dien oan alle Fryske gemeenten. Opsterlân seit dat in eardere sluting allinnich in sukses wêze kin at dat lânlik ynfierd wurdt.
De froulju hawwe al goed 7500 hantekens sammele op harren webside. Al dy minsken wolle ek dat de kroegen earder slute.