Aksje foar behâld blaustirns

Blaustirns mei jongen
In moerasgebied fan 300 oant 400 hectare moat geskikt makke wurde om de blaustirns foar Fryslân te behâlden. Dat seit it Bûn fan Fryske Fûgelwachters yn in rapport oer de blaustirns. De Alde Feanen soene hiel geskikt wêze as spesjaal bekermingsgebied foar it fûgeltsje.
Der briede jierliks noch 150 pearkes, mar earder wiene dat der 4000. As der neat dien wurdt, sil de blaustirns yn Fryslân útstjerre.