Langer fergees mei de bus

14 mrt 2007 - 12:11

De proef mei fergees busferfier op it Amelân wurdt ferlingd. Amelanners dy't 65 jier ôf âlder binne kinne noch oant de ein fan dit jier fergees mei de bus tusken Buren en de feardaam reizgje. Ut ûndersyk docht bliken dat guon eilânners no folle faker as oars gebrûk meitsje fan de busferbining.

De gemeente en ferfiersbedriuw Arriva ha besletten de proef te ferlingen oant ein 2007.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)