Fertochte dea Ooms wer frij

14 mrt 2007 - 11:45

De 21-jierrige man dy't begjin maart yn Amsterdam oppakt is yn ferbân mei de dea fan Marinus Ooms út Haulerwyk is tiisdei frijlitten. Neffens it iepenbier ministearje is der net genôch reden om de man noch langer fêst te hâlden. De man bliuwt wol fertocht. Marinus Ooms waard yn oktober ferline jier mei geweld om it libben brocht yn syn hûs.

In oare 21-jierrige man sit noch wol hieltyd fêst. Hy is yn novimber oppakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)