Caparis ûntkent beskuldigings

14 mrt 2007 - 10:54
  • Caparis ûntkent de beskuldigings fan de Ljouwerter SP

Sosjale wurkfoarsjenning Caparis nimt mooglik juridyske stappen tsjin de SP yn Ljouwert. Dy partij melde juster dat der in soad mis giet by Caparis. Der soe sels sprake wêze fan ferkrachtings fan meiwurkers.

De direksje fan Caparis ûntkent dy beskuldigings en wiist der op dat der nea oanjeftes west hawwe. Caparis ferwachtet skea te hawwen fan de beskuldigings fan de SP en wol dy skea mooglik ferhelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)