Dieders brân dochs noch oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat fjouwer manlju út Drachten oppakt yn ferbân mei in brânstifting fan goed trije jier lyn. Op in parkearterrein oan de Sint Jansberg is doe in auto yn de brân stutsen. It fjoer sloech oer nei sân oare auto's mei grutte skea ta gefolch.
Begjin febrewaris fan dit jier krige de plysje in tip oer de saak. Der waard doe in nij ûndersyk opset. Mei it resultaat dat dizze manlju no oppakt binne.