Nij Bilgaard wer moetingsplak

It nije winkelsintrum Bilgaard moat mei in wiids plein en passaazjes in noch geselliger moetingsplak wurde as it âlde sintrum wie. Sa'n hûndert wenten boppe de winkels moatte foar mear levendichheid soargje.
Tiisdei waarden de plannen fan wenteboukorporaasjes presintearre. De ûntwikkelders wolle de Bilgaartsters it trefpunt werom jaan dat se mei de brân ferlern ha.