Skiedniskanon Frysk yn de maak

In fragmint fan 'e alvestedentocht (út de eardere Kanon)
Der komt dochs noch in kanon fan de Fryske skiednis. Tresoar krijt 200.000 euro fan de provinsje sadat in kommisje mei de kanon oan it wurk kin.
Yn oktober ferline jier waarden de 50 wichtichste mominten út de Nederlânske skiednis presinteard. Der wie in soad misnoegen oer it bytsje omtinken dat de Fryske taal en kultuur yn dy kanon krige. Rinze Boersma wurdt foarsitter fan de Fryske kanonkommisje.