Unrêst by MCL en Toutenburg

13 mrt 2007 - 12:08

Under personiel fan sikehûs MCL Harns en soarchsintrum Nieuw Toutenburg yn Noardburgum is ûnrêst. Dat makket fakbûn Abvakabo/FNV bekend.

Beide ynstellings binne ûnderdiel fan Soarchgroep Noarderbreedte. Dy ûndersiket de mooglikheden om fasilitêre tsjinsten út te besteegjen. It giet dan om himmelwurk en wurk yn 'e keuken. It fakbûn praat al in tal moannen mei de direksje oer de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)