Oppakt foar stellen fytstassen

© Omrop Fryslân
Yn Drachten is moandeitemidddei in 38-jierrige man oanhâlden foar it stellen fan fytstassen. In plysje seach de man 'oan it wurk' yn in fytsestalling oan it Raadhúsplein. De Drachtster woe noch útnaaie, mar dat slagge net.
De man is mei twang oanhâlden en is oerbrocht nei it plysjeburo. Bliken die dat de fyts fan de fertochte yn 2001 stellen is yn Burgum. De plysje siket de eigner fan dy fyts.