Oanridings troch mist
Troch de mist hawwe der tiisdei ûngelokken west op ferstate plakken yn de provinsje. Yn de measte gefallen wie der gjin sprake fan persoanlike skea. De mist luts yn de rin fan de moarn stadichoan op.
Ferkear om Ljouwert hinne moast rekken hâlde mei fertragings. Troch in tal oanridings wiene der opstoppings op de tagongswegen nei de Fryske haadstêd.