Oarkonde foar rêders

12 mrt 2007 - 23:15

Bemanningsleden fan de rêdingsboaten fan Skiermûntseach, Amelân en Lauwerseach ha moandei fan de KNRM in 'Tevredenheidsbetuiging' krigen.

De oarkonde krigen se omdat de manlju yn de stoarm fan 1 novimber 50 minsken fan it Waad wisten te rêden. In unyk en gefaarlik barren dat folslein yn it skaad stie by de rêding fan de hynders fan Marrum. De rêdingsmaatskappij fûn it dêrom nedich om de mannen nochris goed yn it sintsje te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)