Sulveren Polske útrikt

12 mrt 2007 - 17:54
  • It sulveren polske fan 2006

Foar de achtjierrige Mente de Boer fan Nijlân wie it moandei in bysûndere dei. Mei syn heit en syn lytse broerke mocht er nei it Provinsjehûs yn Ljouwert ta om it Sulveren Polske yn ûntfangst te nimmen.

It Sulveren Polske is de priis foar it earste bern ûnder de 13 jier dat in ljipaai fûn hat. Mente fûn syn aai ôfrûne freedtemoarn om fiif foar healwei achten en wie dêrmei de earste dit jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)