Anker & Anker topkantoar

... net de minsten
Anker en Anker út Ljouwert is it ien nei bêste advokatekantoar fan Nederlân. Dat blykt út in ferkiezing dy't útgiet fan in juridyske útjouwerij. Der is stimd troch minsken fan bûten de advokatuer en troch kollega-kantoaren.
Op it gebiet fan tsjinstferliening binne Anker en Anker de bêsten. Yn de kategory juridysk ynhâldlik steane se op in twadde plak en by bêste wurkjouwer einigje se as tredde.