Earste ljipaaien fûn

It giet hurd mei de aaien, mei dit waar
It earste ljipaai fan Skiermûntseach is sneon troch de 72-jierrige Jan Holwerda fûn. Foar Holwerda is it de tredde kear dat hy it earste aai oan de boargemaster oanbiede mocht.
Livius Wouda út Ie hat it earste ljipaai fan de gemeente Dongeradiel fûn. Hy fûn it oan de súdkant fan Ie. Yn de gemeente Harns is it earste ljipaai fûn troch Jan Postma. Foar boargemaster Scheffer wie it de earste kear dat hy in aai yn ûtnfangst naam