Carpoolen nimt ta

12 mrt 2007 - 16:18

De groep carpoolers yn Fryslân is groeid. Minsken stappe faker by elkoar yn de auto nei it wurk ta. Dat is ek te sjen op de carpoolplakken. Dêr steane alle wurkdagen gemiddeld 700 auto's. Dat is sa'n 300 auto's mear as tsien jier lyn.

Troch de groei fan it carpoolen wiene der ferline jier 4,5 prosint minder auto's op de Fryske diken. De doelstelling fan de provinsje Fryslân foar 2010 is hjirmei no al helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)