Slachtoffer eksploazje stabyl

It giet aardich mei it slachtoffer fan de gaseksploazje fan tongersdei yn it appartemintekompleks yn Mitselwier. Dat seit direkteur Megens fan wenningkorporaasje Dongeradiel. De bewenner is nei de eksploazje oerbrocht nei it sikehûs yn Grins.
Seis fan de tolve apparteminten binne skansearre troch de eksploazje. Mei twa bewenners hat oant no ta noch gjin kontakt west, sy binne in skoft fuort.