SP wol Sintrale As weromdraaie

SP-listlûker Van de Kolk
De Fryske Sosjalistyske Partij wol dat it beslút oer de Sintrale As weromdraaid wurdt. Oars wurdt it foar de SP "dreech" om oan te skowen yn it kolleezje fan Deputearre Steaten. Dat seit fraksjefoarsitter Ad van de Kolk.
Hy reagearret dêrmei op it stânpunt fan de PvdA. Dy partij wol graach in koalysje fan trije partijen yn Deputearre Steaten. De PvdA fynt de SP as winner fan ferkiezings in logyske gesprekspartner.