Ynspeksje dak Blom nedich

12 mrt 2007 - 11:32

Eigner Blom fan de ôfbaarnde kleansaak yn Ljouwert wol gau besjen litte oft it dak sloopt wurde moat. Troch de skea dy't it gebou freed by de brân oprûn hat, is der kâns dat der losse pannen fan it dak ôffalle.

Blom hopet dat de gevel fan syn monumintale pand bewarre bliuwe kin. De fjouwer studinten dy't boppe de winkel wennen ha oar ûnderdak fûn. Wannear't sy it pân yn kinne foar har besittingen is ûndúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)