Tv-program foar Piet Paulusma

Piet Paulusma
Waarman Piet_Paulusma presinteart fan 18 april ôf in nij programma. Dêryn giet er op syk nei it leukste doarpke of buorskip fan Nederlân.
Yn fiif ôfleveringen fan "Het leukste gat van Nederland" komme hieltyd trije nominearde buorskippen foarby. Yn in sechsde ôflevering wurdt de winner keazen. Piet_Paulusma sil nei alle doarpkes ta om de bewenners te freegjen wat der sa leuk is oan it plak.