Man twa kear oanholden

12 mrt 2007 - 10:29

In 39-jierrige autobestjoerder út Ljouwert is sneintenacht twa kear achter inoar betrape op it riden mei drank op. Plysjes seagen de man riden en woenen him oan 'e kant sette. De Ljouwerter ried lykwols troch. De plysje koe him klemride, doe die bliken dat de man folle dronken hie.

De man krige in rydferbod fan twa oeren. Fiif minuten letter seach de plysje de man lykwols al wer riden. Hy krige doe in twadde proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)