Tuinstra klimt yn striid WK

© Omrop Fryslân
Johnny Tuinstra fan Tzummearum is sneon en snein 11e en 10e wurden by de twadde wedstriid fan it wrâldkampioenskip iisspeedway yn Assen. Nei de earste beide wedstriden yn Ruslân stie hy 15e. Troch syn risseltaten dit wykein pakte hy 16 punten. Yn it klassemint om it wrâldkampioenskip klimt hy nei it 11e plak
Takom wike is de lêste wedstriid fan de WK-siklus yn Berlyn.