'Haachse' brommer weromfûn

© Omrop Fryslân
Yn Snits hat de plysje in by Den Haach stellen bromfyts werom fûn. Sneon waard in 35-jierige Ljouwerter oanhâlden op de Bockemakade yn Snits om't er omried sûnder ljocht. Ek hie de man gjin helm op, wie de bromfyts net fersekere en hie er gjin kenteken.
De brommer blykte boppedat stellen te wêzen, yn Den Haach. De Ljouwerter sei dat er him deselde jûn kocht hie. De man is oanhâlden en de brommer yn beslach nommen.