Agressive Drachtster oanholden

11 mrt 2007 - 14:05

In 22-jierrige Drachtster is snein oanholden op De Kaden. De man hie him agressyf gedroegen en wie in horekasaak útsetten. Hy smiet dêrop in fyts troch it rút fan de saak.

It personeel gie dêrop achter de man oan, dy't noch in pear klappen útdielde. De plysje koe de man úteinlik oanhâlde. By oanhâlding die bliken dat de man ek noch drugs en in mes by him hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)