PvdA: 3 partijen yn kolleezje

Andriesen en har PvdA sette yn op 3 partijen
De PvdA hâldt fêst oan in kolleezje fan Deputearre Steaten mei trije partijen. De fraksje hat dat sneon besletten op in gearkomste dêr't de strategy foar de ûnderhannelings foar it nije kolleezje fêststeld is.
Foar de PvdA soe de SP as earste yn de beneaming komme, omdat dy partij by de ferkiezings fan ferline wike grutte winst helle. Foar listlûker Galema fan it CDA is in tredde partij gjin opsje. Hy wol in kolleezje fan CDA en PvdA.