Utstalling bysûnder ierdewurk

Porselein-wurk fan Van Slobbe
By ierdewurkfabryk Keninklike Tichelaar begjint ein maart in útstalling mei wurk dat moadeûntwerper Alexander van Slobbe foar it bedriuw makke hat. It giet ûnder oare om sieraden en knopen fan ierdewurk.
Van Slobbe wurket sûnt oardel jier foar Tichelaar út Makkum. Foar de gearwurking is keazen om de merk fan it bedriuw te fergrutsjen. Op de útstalling binne ek kleanûntwerpen fan Van Slobbe te sjen.