'Mear fytserekken yn gemeente'

11 mrt 2007 - 12:44

Boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân fine dat der mear fytserekken yn de gemeente komme moatte. Yn Smellingerlân wurdt sûnt in pear jier ekstra omtinken jûn oan it foarkommen fan fytsedieverij. Ut in evaluaasje docht bliken dat dat helpt.

Om de fytsedieverij noch fierder nei ûnderen te krijen moatte der mear plakken komme dêr't fytsen feilich stean kinne, sa fine B & W. Ek moat der yn it wykein mear tafersjoch komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)