Hearrenfean wint fan RKC

10 mrt 2007 - 21:48

Sportklub Hearrenfean hat sneon de thúswedstriid tsjin RKC Waalwijk wûn mei 1-0. De iennige goal fan de wedstriid foel yn de 30ste minút en kaam op namme fan Petter Hansson. Keeper Lemmens fan RKC liet de bal troch syn hannen rûgelje.

De twadde helte wie fan beide kanten min. Hearrenfean pakt lykwols wichtige punten yn de striid om it fyfde plak yn de kompetysje. De Brasiliaan Alves die wer mei nei in blessuere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)