Skea opnimme yn Mitselwier

10 mrt 2007 - 13:08

Fersekeringseksperts nimme de kommende dagen de skea op yn it eksplodearre appartemintekompleks yn Mitselwier. It gebou is safier sloopt dat it feilich is om deryn te gean.

De technyske resjerzje wie freed yn it gebou om de oarsaak fan de eksploazje te ûndersykjen. Nei ferwachting kin it noch wol in pear dagen duorje foardat dêr dúdlikens oer komt. Foar de dakleaze bewenners komt moandei in oplossing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)