Grutte brân Saailân Ljouwert

09 mrt 2007 - 17:59

By moadesaak Blom njonken de Hema yn de binnenstêd fan Ljouwert hat freed in grutte útslaande brân west. It fjoer bruts oan 'e ein fan de middei út op de boppeferdjipping fan de damesmoadesaak oan de kant fan it Saailân.

De brân luts in soad publyk. De brânwacht hat de brân bestriden mei tal fan korpsen. Sawol de Hema as de moadesaak binne ûntromme. Der binne gjin minsken ferwûne rekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)