Hûne-oerlêst yn Surhuzum

09 mrt 2007 - 17:41

In frou yn Surhuzum moat har sân Berner Sennen-hûnen net mear achter en njonken it hûs rinne litte. Dat easket de gemeente Achtkarspelen. Buorlju kleie al in skoft oer de blafferij.

Neffens mjittings fan de gemeente is der echt sprake fan lûdsoerlêst. De eigneresse seit dat de mjittings net doge. Se is net fan doel om de hûnen tenei inkeld op har oprit rinne te litten. De buorlju hoopje op in oplossing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)