Fryske hynders nei Sina

09 mrt 2007 - 17:33

De provinsje Fryslân skinkt trije Fryske hynders oan de Sineeske provinsje Sizuan. Dat bart by gelegenheid fan it 5-jierrich bestean fan de freonskipsbân mei Sizuan. It Hynstestamboek en fokkers hawwe de hynders beskikber steld. De offisjele oerdracht wie freed op 'e Rottefalle.

De Sinezen krije ek noch in koets en kostúms. In delegaasje bringt de hynders fan 't maitiid nei Sina.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)