Belgysk fleantúch ûnderskept

09 mrt 2007 - 16:59

Twa F16's fan de Ljouwerter fleanbasis hawwe freed in Belgysk fleantúch ûnderskept. De Hercules hie it radiokontakt mei de grûn ferlern. Yn de loft slagge it de F16's wol om kontakt te lizzen mei de bemanning.

It transportfleantúch wie út België wei ûnderweis nei Noarwegen. It fleantúch krige maleur mei de motor en fleach doe oer Nederlân werom. Wêrom't radiokontakt net mooglik wie, wurdt noch ûndersocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)