Koart pleit tsjin skoalle

It Singelland Kolleezje yn Drachten
In learling (16) fan it Singelland Kolleezje yn Drachten easket foar de rjochtbank dat er wer op skoalle komme mei. De jonge is fan skoalle stjoerd omdat er in learaar bedrige hie. Om't der al earder problemen wiene, hat de skoalle besluten ta strang optreden.
Neffens de heit fan 'e jonge hie de skoalle earst warskôgje moatten dat er nea wer hoegde te kommen. De rjochter docht oare wike wike tiisdei útspraak yn it koart pleit.