Kompleks Mitselwier diels plat

09 mrt 2007 - 16:31

It appartemintekompleks yn Mitselwier wurdt foar in grut part sloopt om't it gebou oars ynstoarte kin. De plafonds soene stut wurde, mar sels dat is te gefaarlik. Dêrom binne de dakplaten derôf helle. Fierder sille de muorren der útdrukt wurde.

De technyske resjerzje hat ûnderwilens ûndersyk dien yn it kompleks. Oar de oarsaak fan de eksploazje fan tongersdeitejûn kin noch neat sein wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)