Gjin stroom op De Hertgang

© Omrop Fryslân
Op jeugdkompleks De Hertgang fan Cambuur sit sûnt it begjin fan de wike sûnder elektrisiteit. De stroom is ôfsletten om't Blau Wyt, de âlde eigener fan it kompleks, har ôfmeld hie. BV Sport is dêrnei fergetten om harren op 'e nij oan te melden.
It is net dúdlik hoelang't it duorret ear't de stroom wer oansluten wurdt. De wedstriden dy't foar dit wykein op it program stiene, kinne eventueel yn it Cambuurstadion ôfwurke wurde.