DS: KvK-beslút komt te gau

09 mrt 2007 - 12:10

It provinsjebestjoer wist net dat begjin dit jier besletten wurde soe it bestjoer fan de Fryske Keamer fan Keaphannel yn Grins te festigjen. De deputearren tochten dat der noch romte en tiid wêze soe foar oerlis.

Ek wist it provinsjebestjoer neat fan de arguminten foar bestjoersfestiging yn Grins. Yn Grins komt it gearfoege bestjoer fan de trije Noardlike Keamers fan Keaphannels. Ljouwert hâldt wol in lytser bykantoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)