Hooyboer tekent 2 jier by

Rick Hooyboer
Rick Hooyboer hat foar twa jier bytekene by Cambuur. De middenfjilder em oanfierder hat ek noch in opsje yn it kontrakt foar in tredde jier. Hooyboer, dik yn de tritich, slút syn betelle-fuotbalkarriêre yn Ljouwert ôf. Twa jier ferlyn kaam de spiler oer fan Haarlem.
Cambuur spilet freed yn en tsjin Den Bosch sûnder Hooyboer. Hy is skorst fanwege syn sande giele kaart. Spits Jeroen Ketting is ek skorst.