Drugsbakkerij yn Harns oprôle

© Omrop Fryslân
Yn in wente oan de Suderstrjitte yn Harns is in wytkoekjesbakkerij ûntromme. Njonken koekjes binne dêr ek appartuer en yngrediïnten yn beslach naam. De koekjes wienen ornearre foar coffeeshops.
De plysje kaam de bakkerij op it spoar troch klachten oer stank. Trije Harnzers dy't yn de bakkerij oan it wurk wiene, binne oppakt. De plysje fûn yn it hûs ek noch in pistoal. Dat is yn beslach nommen.