Oanpak yllegale fûgelhannel

Minister Verburg, van Lânbou en Natuer
Minister Verburg fan Lânbou en Natuer wol de yllegale fûgelhannel oanpakke. Dat sei se by de iepening fan it nije gebou fan Vogelbescherming Nederland yn Zeist.
Yn Fryslân wurdt ek in soad yllegaal hannele yn fûgels. Se wurde hjir ek fongen, sei in wurdfierder fan it Miljeuteam fan de Plysje Fryslân ferline jier novimber yn Omrop Fryslân Aktueel. Dat bart benammen yn Noardeast-Fryslân.