Keninginne Beatrix yn Ljouwert

09 mrt 2007 - 08:08

Keninginne Beatrix hat yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert de iepening bywenne fan it 'Polar Year'. Dat is in ynternasjonaal ûndersyksprogramma dêr 't mear as 60 lânnen en 50.000 minsken oan mei dogge. It ûndersyk op de beide poalen moat gegevens opsmite oer de klimaatferoaring.

Neist de iepening yn it natuermuseum wie der ek in ûnderdiel in de Grutte Tsjerke. Dêr spile ûnder oare it NNO.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)