Eksploazje yn flat Mitselwier

In diel fan in appartemintekompleks yn Mitselwier is tongersdei swier skansearre rekke troch in gasekploazje en de brân dy't dêrop folge. Fan it kompleks is ien sydmuorre folslein fuortslein. Twa fan de tolve apparteminten binne ûnbewenber.
De bewenner fan it appartemint dêr't de eksploasje wie is mei brânwûnen en problemen mei it sykheljen oerbrocht nei it sikehûs yn Grins. De oare bewenners waarden op tiid evakuearre.