Kramer wint 5 kilometer op WK

08 mrt 2007 - 23:45

Sven Kramer fan Aldskoat is wrâld kampioen wurden op de 5000 meter. Yn Salt Lake City ried hy in tiid fan 6.10,70. Dêrmei bleau hy yn in streekrjocht duel de Italiaan Enrico Fabris hast twa sekonden foar.

Carl Verheijen waard tredde mei hast fiif sekonden efterstân op Kramer. Wouter Olde Heuvel waard sânde. Kramer bleau mei syn tiid trije sekonden boppe syn eigen wrâldrekôrd. By de froulju wûn Ireen Wüst de 1500 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)