Friesland Bank út Helpman

© Omrop Fryslân
De Friesland Bank ferkeapet syn belang yn it bedriuw Helpman Groep. Dat bedriuw is spesjalisearre yn it meitsjen fan industriële kuolmasines. Der is ûnder oare in fabryk yn Grins.
De Friesland Bank hat yn 2001 in belang fan 49 persint naam yn Helpman. De oandielen binne no ferkocht oan Alfa Laval, in grutte spiler op de ynternasjonale merk foar kuoltechnyk.