Nijpels: net prate oer taken

Kommissaris fan 'e Keninginne Nijpels
CDA en PvdA moatte net wer yn it iepenbier prate oer de rol fan in Kommissaris fan de Keninginne. Dat fynt kommissaris Nijpels. Hy hat him bot ergere oan útspraken fan de listlukers fan CDA en PvdA, dy't fine dat Nijpels mear provinsjale taken op him nimme kin.
Nijpels is net bliid mei de iepenbiere diskusje oer syn taken. Hy hat dat yntusken witte litten oan de listlukers.