Diggs en Aris út inoar
Basketbalklub Aris en Ryan Diggs geane fuortendaliks út inoar. Nei in konflikt op 'e trening hat de direksje fan Aris besletten it kontrakt fan de Amerikaan gelyk te ûntbinen.
Aris kin gjin ferfanger helje foar Diggs, omdat de oerskriuwingstermyn fan 'e basketbalbûn yntusken ferrûn is. Tongersdeitejûn spilet Aris tsjin Grins al sûnder de 23-jierrige Diggs.