Brûkersromte bliuwt mooglik

08 mrt 2007 - 11:51

De brûkersromte oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert bliuwt dêr mooglik langer sitten. De romte dêr't dakleaze ferslaafden har drugs brûke jout amper ekstra oerlêst foar de wyk. Dat docht bliken út in evaluaasje fan de gemeente.

By de iepenening hat de gemeente tasein dat der binnen twa jier in oare oplossing komt. Sjoen de beheinde oerlêst tinkt de gemeente dat de needsaak dêr ta minder grut is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)