Douwe Heeringa nei Parys

08 mrt 2007 - 11:47

Douwe Heeringa sil ein maart optrede yn de Bastille yn Parys. Heeringa is troch direkteur Rudi Wester útnoege om op it slotfeest fan it fyftichjierrich jubilum fan it Institut Néerlandais te sjongen. De slotmanifestaasje wurdt bywenne troch in soad pommeranten út de wrâld fan keunst en kultuer.

Earegast is de Frânske minister fan kultuer Renaud Donnedieu de Vabres. Douwe sil op Parys lieten fan Brel sjonge yn it Frysk en it Frânsk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)