Mear ljipaaien fûn

08 mrt 2007 - 10:49

Nammele de Bruin út Nij Beets hat woansdeitemiddei it earste ljipaai fan Opsterlân fûn. Krekt as by it earste aai fan Fryslân gie it om in twake. De Bruin fûn de aaikes yn de omjouwing fan Nij Beets. Hy wie fiif jier lyn ek al de twadde finer fan Fryslân.

Marten Brouwer fan Sleat wie tongersdei de finer fan it earste ljipaai fan Gaasterlân-Sleat. It aai lei yn in stik greide ûnder Wyckel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)