Farwetter by Makkum útdjippe

© Omrop Fryslân
De gemeente Wúnseradiel set nije wike útein mei it útbaggerjen fan it farwetter tusken it Makkumerdjip en de sluzen by Koarnwertersân. Op dit stuit soargje in oantal ûndjippe stikken yn de rûte foar grutte problemen foar it farferkear.
De operaasje kostet goed 84.000 euro. It sân dat frijkomt wurdt brûkt foar it opheechjen fan it strân fan de Holle Poarte by Makkum.